Kultureel ikoan

Apeltaart, honkbal en de Amerikaanske flagge binne trije kulturele ikoanen fan 'e Feriene Steaten.

In kultureel ikoan is eat dat troch leden fan 'e beskate kultuer beskôge wurdt as represintatyf foar (in diel fan) dy kultuer. Dêrby kin it gean om in foarwerp, in abstrakt begryp of sels in persoan. De kulturele ikoanen wurde beoardiele op 'e mjitte wêryn't se as in autentike fertsjintwurdiger fan 'e oangeande kultuer sjoen wurde kinne, en dat proses is sterk subjektyf bepaald. As yndividuën eat gewaarwurde dat in kultureel ikoan wêze kinne soe, ferlykje se dat mei harren eigen algemiene waarnimming fan 'e oangeande kultuer. Sa sil in beskaat ding troch de iene persoan wol en troch in oarenien net as ikoan fan in beskate kultuer beskôge wurde. Guon dingen binne lykwols sa sterk mei in beskate kultuer ferweve, dat se rûnom as represintatyf foar dy kultuer ornearre wurde.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search